Oerfal Blokhúspoarte 65 jier

08 des 2009 - 15:39

It is tiisdei 65 jier lyn dat op spektakulêre wize 51 fersetsstriders befrijd waarden út De Blokhúspoarte yn Ljouwert. By dat huzarestik floeide gjin bloed, der waard sels gjin inkeld skot lost. Om de oerfal noch ris te betinken is oant 5 maaie yn de Blokhúspoarte in tentoanstelling te sjen: De Grote Ontsnapping.

Yn de Blokhúspoarte sitte no allerhande keunstners. Ien fan har, arsjitekte Nynke-Rixt Jukema, rjochtet de útstalling yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)