Oerenlange sykaksje nei jacht

16 jul 2010 - 21:22
  • De kustwacht en SAR har oerenlang oan it sykjen west

De kustwacht fan Den Helder hat freedtemiddei oeren lang mei twa helikopters en in fleantúch op syk west nei in jacht yn need. It jacht Laurel stjoerde in needsinjaal út, it skip soe earne tusken Den Helder en Skiermûntseach farre. It slagge net om fia de radio of tillefoan kontakt te krijen mei it skip.

It skip foer letter sûnder problemen de haven fan Skylge binnen. Nei alle gedachten is de radio útset neidat in needsinjaal ferstjoerd is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)