Oeren gjin wetter yn Balk e.o.

30 jul 2012 - 14:11
  • Vitens

Njoggen plakken yn de Súdwesthoeke hiene moandei tusken kertier foar tolven en kertier foar trijen gjin drinkwetter. Neffens wetterbedriuw Vitens wie de wetterdruk fuort troch in lek yn de haadtransportlieding by Sleat. Njonken Sleat kaam der ek yn Wâldsein, Balk, Wikel, Sondel, Ealahuzen, Koudum, Harich en Bakhuzen oerenlang gjin drinkwetter út de kraan.

Monteurs fan Vitens binne gelyk op syk gien nei it lek, en hawwe dat middeis om fjouwer oere fûn. Vitens besiket om it troffen gebiet lâns in oare rûte wer fan wetter te foarsjen.

It earste wetter fan nei de steuring hat mooglik in brune kleur. Dat liket faaks wat nuver, mar kin gjin kwea foar de sûnens, sa lit wetterbedriuw Vitens wite. De haadtransportlieding wurdt sa gau mooglik makke. Vitens ferwachtet dat de lieding moandeitejûn let wer klear is foar gebrûk.

Foar de fersoargingshuzen yn Balk wie it lestich dat der moandei oerenlang gjin wetter wie. Sy koene al dy tiid net waskje, ôfwaskje of tee sette. De bewenners koene ek mar hiel beheind nei it húske. Fersoargingshûs Talmahiem hat altiten in needfoarried drinkwetter yn flessen foar in heale dei. Soarchfoarsjenning Plantein foar deminte âlderein hat dat net. De meiwurksters moasten moandei ymprovisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)