Oere Sámi-muzyk op radio 4

11 okt 2004 - 13:43

Radio 4 stjoert op moandei 11 oktober jûns om 20.02 oere in radioprogramma fan in oere út mei eigentiidske muzyk út Laplân. It programma 'De Joik yn 'e 21ste ieu' wurdt útstjoerd troch wrâldmuzykprogramma De Wandelende Tak.

It programma jout wiidweidich omtinken oan Transjoik, de Sámigroep dy't yn 2003 Liet Ynternasjonaal wûn en oan Niko Valkeapää, de Sámi-dielnimmer fan dit jier. It programma is gearstald troch Onno Falkena.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)