Oerdracht natuer op Skier

25 nov 2005 - 12:59

De Vereniging Natuurmonumenten hat tongersdei in symboalysk bedrach fan 1 euro betelle oan Domeinen. Dêrmei wikselde 4.300 bunder lân en wetter fan behearder. Natuurmonuminten hat no de soarch foar sawat 6.000 bunder natuer op Skiermûntseach.

Troch de oerdracht komt der mear dúdlikheid foar bewenners en toeristen. Alle natuer falt no ûnder Natuurmonumenten. De arbeidsplakken fan Domeinen gean oer nei de nije eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)