Oerdracht krúske yn De Knipe

09 jan 2010 - 14:38
  • Gerrit ten Voorde mocht dit krúske meinimme

Yn de Knipe is sneon de oerdracht fan it ferfangende alvestêdekrúske foar alvestêderider Gerrit ten Voorde út Brummen yn Gelderlân. By in ynbraak binne syn orizjinele alvestêdekrúskes stellen. Wethalder Feenstra fan Hearrenfan hat de tocht sels trije kear riden en hat ien fan de krúskes oanbean oan Ten Voorde. Ten Voorde ried de tocht yn '85, '86 en yn '97.

Hy fynt it hiel slim dat syn krúskes fuortbinne. Syn freondinne hie in oprop set op Marktplaats.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)