Oerbliuwsels âlde pleatsen fûn

29 apr 2003 - 00:00

By argeologyske proefboarrings binne yn Skearnegoutum oerbliuwsels fan ien of twa pleatsen fûn. De pleatsen datearje út de earste ieuwen nei Christus. Neffens argeologe Veenman fan de provinsje Fryslân is it foaral bysûnder omdat de delsetting by in slinke leit.

Yn dizze perioade leine de measte festigingen op in terp. De resten binne ûntdutsen op it plak dêr't yn de hjerst de nije rotonde tusken Ljouwert en Snits oanlein wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)