Oeral yn Ljouwert wurdt fjoerwurk tastien

19 des 2014 - 14:11

De gemeente Ljouwert, de plysje en sikehûs MCL hawwe freed in parsekonferinsje jûn oer de nije regels foar it ôfstekken fan fjoerwurk. Dêrneist waard praat oer de gefaren fan it ôfstekken fan benammen yllegaal en sierfjoerwurk. De plysje sil mear tafersjoch hâlde op it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk. Wa't trapearre wurdt, kin rekkenje op in hege boete. Der binne noch gjin plakken yn Ljouwert dêr't hielendal gjin fjoerwurk ôfstutsen wurde mei, mar boargemaster Ferd Crone slút net út dat dit takom jier oars is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)