Oeral yn Fryslân Keninginnefeest

01 maaie 2005 - 12:56

Rûnom yn Fryslân binne sneon aktiviteiten fanwege Keninginnedei. Yn Kollum en Harns wiene moarns aubades, dy't hûnderten minsken lutsen. Yn Ljouwert is in frijmerk, de grutste yn it Noarden. Yn Beetstersweach wie in optocht mei fersierde weinen.

In groep fan 140 Ljouwerters giet sneontejûn nei it grutte feest yn Den Haach, dêr't de Keninklike famylje ek by is. Sjongeres Nynke Laverman is ien fan de artysten dy't optrede sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)