Oeral trouwe yn Dongeradiel

14 maaie 2014 - 10:04
  • Trouboekje mei ringen

Stellen dy't yn Dongeradiel trouwe wolle, meie dit fan no ôf oeral yn de gemeente dwaan. Earder hie Dongeradiel njonken it gemeentehûs al sân lokaasjes oanwiisd as spesjale troulokaasjes. De gemeente krige lykwols noch in soad oanfragen foar oare trouplakken. Dêrom is de kar foar in lokaasje no hielendal frijjûn. De iennichste betingsten binne dat de eigener fan it trouplak tastimming jout en dat de feilichheid yn oarder is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)