'Oeral referindum hâlde'

27 feb 2003 - 00:00

Yn alle provinsjes moat in referindum komme oer de sweeftrein. Dat fynt miljeudefinsje. De feriening is bliid mei it inisjatyf yn Fryslân om de befolking har miening te freegjen.

Miljeudefinsje is benaud dat de sweeftrein in oanslach docht op de natuer en it lânskip yn it Noarden. De organisaasje fiert tongersdei aksje yn de provinsje. Leden diele flyers út op strjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)