Oer 't Hout yn Grou is klear foar opfang flechtlingen

08 nov 2015 - 11:17

Wetterhostel Oer 't Hout yn Grou is klear foar de opfang fan goed 200 flechtlingen. Dat seit eigener Tjeerd Soer. Om de opfang mooglik te meitsjen moat Soer wol ekstra personiel oproppe. Gewoanwei draait it hostel yn de winter mei minimale besetting, mar troch de komst fan de flechtlingen sit Oer 't Hout de kommende wike folslein fol.

De flechtlingen bliuwe fan tiisdei ôf seis dagen lang yn Grou. De earste reaksjes fan ynwenners fan it doarp binne posityf. Moandei is der noch in ynformaasjegearkomste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)