Oer 't Hout is bliid mei ferlinging needopfang yn Grou

14 nov 2015 - 17:02

De eigeners fan Oer 't Hout yn Grou binne bliid mei de fraach fan it COA de needopfang foar flechtlingen langer iepen te hâlden. It wurdt dan in reguliere needopfang. De maksimaal 195 minsken bliuwe der oant en mei 30 april.

Mei-eigner Jeroen Drenth hat in pear groepen 'gewoane' gasten oerboeke moatten nei omlizzende hotels. Neffens him rint de opfang fierder poerbêst en is der yn it doarp ek draachflak. Dêrneist is it foar Oer 't Hout lukrativer dat de opfang no yn de winter fol sit.

Guon bewenners ha har al oanmelden as frijwilliger. Hy ferwachtet dan ek net in soad wjerstân tsjin it langere ferbliuw. Moandei wurdt der noch in ynformaasjegearkomste organisearre yn Grou. Tiisdei nimt it kolleezje in beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)