Oer de seishûndert ideeën foar Kulturele Haadstêd 2018

14 des 2015 - 20:16
  • It kantoar fan Kulturele Haadstêd 2018 yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert

Der binne mear as seishûndert ideeën en projekten binnenkaam by it ynformaasjekantoar fan Kulturele Haadstêd 2018 yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It kantoar is no mear as in jier iepen. It is bedoeld om minsken mei in idee of in projekt te helpen. It giet om ekstra projekten, neist de 41 offisjele plannen út it bidbook.

Elkenien dy't wol, kin wat dwaan ûnder de flagge Kultuele Haadstêd. Sa binne der ûnder oare al ideeën binnenkaam foar festivals, reünys en kreamkemerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)