Oer de 300 hurdrydbekeurings

15 nov 2013 - 10:41

De plysje hat tongersdei by trije kontrôles op hurdriderij yn Lemsterlân en Skarsterlân mei-inoar 326 boetes útdield. Op de Hege Dyk yn St. Jânsgea waarden 71 bestjoerders op de bon slingere, om't se te hurd rieden. Op de Plattedyk op 'e Lemmer krigen 87 minsken in bekeuring.

Op de Haskerfjildwei op 'e Jouwer waarden fierwei de measte minsken flitst. Mar leafst 168 bestjoerders rieden dêr hurder as it tastiene maksimum fan 50 kilometer yn 'e oere. Boppedat waard dêr in bromfytser flitst dy't 67 kilometer yn 'e oere ried yn plak fan 45.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)