'Oer 10 jier op griene stroom'

28 des 2010 - 18:12
  • Deputearre Konst

De provinsje kin al oer tsien jier ûnôfhinklik wêze fan fossile brânstoffen lykas oalje, stienkoal en gas. Dat sei deputearre Hans Konst tiisdeitemiddei yn Frjentsjer, op it 78e krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings.

De provinsje kin dan hielendal draaie op griene stroom fan wynmûnen, biofergassers, Blue Energy, sinnepanielen en ierdwaarmte. Mar dan moat der wol suniger mei enerzjy omgien wurde

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)