Oentsjerksters warskôgje op Facebook foar bernelokker

09 des 2015 - 10:12

Alden út Oentsjerk warskôgje op Facebook foar in bernelokker yn it doarp. Tiisdeitemiddei soe in man yn in wyt buske in famke achterfolge hawwe by de sporthal ter hichte fan de útgong fan it Heemstrabosk.

De âlden fan it slachtoffer hawwe in melding dien by de plysje. Dat is oant no ta de iennichste melding dy't dien is. De âlden warskôgje yntusken oare âlden op Facebook om bern net mear allinnich oer strjitte gean te litten.

"Wees alert en misschien verstandig kinderen niet meer alleen te laten fietsen, en breng ze op te hoogte van wat te doen in zo'n situatie!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)