Oentsjerker pakt foar ynbraken

19 nov 2013 - 12:16

In 26-jierrige man út Oentsjerk is moandeitnacht oanholden foar ferskate auto-ynbraken. De plysje seach in frjemd parkearde auto op it carpoolplak oan de Getswerderdyk by Frjentsjer en gie op ûndersyk út. Der stiene ferskate auto's dêr't de ruten fan ynslein wiene. Ut ien auto wie in radio stellen.

De plysjeminsken fûne de fertochte op de achterbank fan in auto. Op it plysjeburo die bliken dat de man ek noch 1500 euro oan boetes iepen stean hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)