Oenema wint NK koartebaan

30 des 2010 - 16:43

Thijsje Oenema fan De Jouwer is tongersdei Nederlânsk kampioen koartebaan wurden op De Lemmer. Yn de lêste finalerit fersloech se de kampioene fan foarich seizoen Leslie Koen fan Giethoorn. Ek de oare twa finaleritten wûn Oenema mei oermacht.

Thijsje Oenema ried yn de lêste rit de rapste tiid fan de dei, 13,85. Koen kaam dy rit ta 14,26. In tredde priis wie der foar Leonie Smit fan It Hearrenfean. Har suske Janine Smit waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)