Oenema wint 1000 m. yn B-groep

01 des 2013 - 14:37
  • Thijsje Oenema yn aksje

Thijsje Oenema pakte snein by de wrâldbekerwedstriden yn Astana de winst op de 1000 meter yn de B-groep. Oenema ried in winnende tiid fan 1.16.94. Anice Das fan It Hearrenfean waard tredde yn in tiid fan 1.17.08.

Winst wie der ek foar Douwe de Vries, dy't yn de B-groep de rapste wie op de 10 kilometer. Hy wûn yn in nij persoanlik rekôr en dûkte mei in tiid fan 13.05,58 hast trije sekonden ûnder syn âlde pr. Bob de Vries waard twadde yn 13.07.01. It brûns wie foar Robert Bovenhuis mei 13.12,75.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)