Oenema nei Team Groenewold

21 apr 2011 - 13:10

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer rydt takom jier foar de nije ploech team-Groenewold. De 22-jierrige sprintster komt oer fan team-Anker, wat earder de VPZ-ploech wie.

Ald-reedrydster Renate Groenewold begjint kommend seizoen mei in nije ploech, dêr't ûnder oare Natasja Bruintjes en Moniek Kleinsman foar ride sille. Coach fan team-Groenewold is Peter Kolder. De ploech is noch op syk nei in haadsponsor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)