Oenema krijt 5 ton fan Alliade

13 okt 2014 - 11:55
  • Taksy Oenema

Soarchgroep Alliade moat taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean fiif ton betelje foar it hendikepteferfier dat Oenema útfierd hat. Dat hat de rjochter moandeitemoarn útsprutsen yn it koart pleit dat it bedriuw tsjin Alliade oanspand hie. De soarchgroep fertinkt Oenema fan sjoemeljen mei de kilometerfergoeding.

Alliade woe dêrom dat Oenema alle ynformaasje oer de taksyritten fan de ôfrûne fiif jier beskikber stelle soe. De rjochter oardielt dat it jild dochs betelle wurde moat. Oenema hoecht ek gjin ynsjoch te jaan yn de ritte-statussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)