Oenema krekt njonken poadium

28 jan 2013 - 00:06
  • Thijsje Oenema

Thijsje Oenema is op it WK sprint yn Salt Lake City fjirde wurden. Op de ôfslutende 1000 meter waard se tsiende yn 1.14.23 nei in beroerde krusing mei de Japanse Nao Kodaira dy't krekt foar har foel. Heather Richardson wûn de kilometer yn 1.13.19 en waard wrâldkampioen. Jing Yu, de kampioen fan 2012, waard twadde, Sang-Hwa Lee tredde yn de einstân.

Op de lêste ôfstân ried Marrit Leenstra in pr yn 1.13.88, goed foar it sechsde plak. Margot Boer waard sânde yn 1.14.17. Yn de einstân waard Boer sânde en Leenstra alfde.

By de manlju gong de wrâldtitel wol nei Nederlân en ek de brûnzen medalje. Michel Mulder waard kampioen, Hein Otterspeer tredde. Dêr tuskenyn stie de Fin Pekka Koskela. Mulder, yn de ôfrûne simmer ek al wrâldkampioen op skeelers op de 500 meter, en Otterspeer wenje foar de sport op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)