Oenema fiifde yn pers. rekôr

22 jan 2012 - 21:04

Thijsje Oenema hat op de twadde dei fan de wedstriden om de wrâldbeker yn Salt Lake City in nij persoanlik rekôr riden op de 500 meter. De Jouster helle 0.07 fan har bêste tiid ôf. Oenema waard fiifde mei har nije toptiid fan 37.66. Margot Boer waard achtste yn 37.95. De 500 meter waard krekt as sneon wûn troch Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä yn 37.27. De Sinese Jing Yu waard twadde yn 37.51, de Dútse Jenny Wolf tredde yn 37.62.

De ferwachting wie dat it Nederlânske rekôr fan Andrea Nuyt, 37.54 riden yn 2002, ferbettere wurde soe. Dat slagge net omdat ek Annette Gerritsen en Laurine van Riessen (wol de rapste iepening fan allegearre) net fierder kamen as it tsiende en alfde plak.

By de manlju gong Jesper Hospes yn de lêste binnenbocht ûnderút. Michel Mulder wie mei in nij pr fan 34.67 de bêste Nederlanner op it fiifde plak. De Rus Dmitry Lobkov wûn yn 34.54. Jan Smeekens, sneon noch goed foar in nij Nederlânsk rekôr yn 34.40, waard no sechsde yn 34.69.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)