Oenema ferbettert rekôr Timmer

17 feb 2013 - 14:38
  • Thijsje Oenema wint 500 meter

Thijsje Oenema hat sneon by de fyfde Hollân Cup yn Utrecht in âld rekôr út de boeken riden. De rydster fan De Jouwer wûn de 500 meter yn in tiid fan 39,01 en wie dêrmei rapper as it baanrekôr fan har trainster Marianne Timmer, dy't op 4 jannewaris 2004 in tiid fan 39,37 notearre.

Oenema wie op de Vechtsebanen oppermachtich. Ploechgenoate Margot Boer fan Goaiïngaryp waard twadde yn 39,90. It brûns wie foar Anice Das fan It Hearrenfean, dy't 40,22 klokte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)