Oenema en Leenstra pleatse har wol foar wrâldbeker, Boer net

31 okt 2015 - 18:10

Margot Boer is der sneon net yn slagge har op de 500 meter te pleatsen foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. De sprintster fan Goaiïngaryp einige yn Enschede mei 39.23 as sechsde en foel dêrtroch bûten de boat. De bêste fiif froulju krigen in ticket foar de earste searje wrâldbekerwedstriden.

Thijsje Oenema rêde it wol mei 38.92. Ek Marrit Leenstra (39.16) is fan de partij. Jorien ter Mors wie de rapste mei in tiid fan 38,75. De oare twa tickets binne foar Bo van der Werff (38.99) en Floor van den Brandt (39.18).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)