Oenema 5e op 500 m. yn Inzell

08 mrt 2014 - 14:08

Thijsje Oenema fan De Jouwer is sneon fyfde wurden op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Inzell. Yn in ûnderling duel wie se rapper as Anice Das fan It Hearrenfean. Oenema klokte in tiid fan 38,01 en wie dêrmei de rapste Nederlânse. Das einige mei 38,63 op it tolfde plak. Margot Boer waard mei 38,30 achtste.

De winst op de 500 meter gong lykas freed nei Heather Richardson út Amearika. Richardson wie mei 37,70 rapper as de Russise Olga Fatkulina (37,84) en de Dútse Jenny Wolf (37,89), dy't as twadde en tredde einigen.

By de manlju gong de winst nei Ronald Mulder. Hy wist mei syn winnende tiid fan 34,96 as iennige ûnder de 35 sekonden te bliuwen. De Kanadees Gilmore Junio waard twadde (35,02), foar de Dútser Nico Ihle (35,10).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)