Oene Hofman is ferstoarn

16 okt 2013 - 12:11
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Ald-steatelid Oene Hofman fan Grien Links is tiisdei ferstoarn. Hy hat hast 12 jier, mei ûnderbrekkings, yn Provinsjale Steaten sitten. Hy naam yn 2007 ôfskied. De Harnzer wie ûnder oare wurdfierder op it mêd fan Ferkear en Ferfier en Romtlike Oardening. Nei syn ôfskied fan de Steaten bleau er polityk aktyf.

Foar Grien Links yn Harns die er oant augustus fan dit jier mei yn de kommisjegearkomsten fan de gemeenteried. Hy wie earder lid fan de EVP. Oant syn pinsjoen wie er plysjeman yn Harns. Hofman is 71 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)