Oehoe yn Oerterp

08 mrt 2013 - 11:45
  • Oehoe yn Oerterp
  • Oehoe
  • De oehoe yn Oerterp

De Fûgelhelling yn Oerterp hat in mysterieuze oehoe krige. De grutte ûle is fûn yn it Lauwersmargebiet, mar wêr't er weikomt is in riedsel. It is bekend dat der in oehoe sit yn it gebiet, mar dat is in wyfke en it bist dat no fûn is, is in mantsje. Boppedat hat er gjin ring om de poat, wylst de bekende oehoe dat wol hat. Hoe't de 'nije' oehoe yn it Lauwersmargebiet bedarre is, is net bekend. Se komme gewoanwei net yn it gebiet foar.

De oehoe fan no hat in brutsen wjuk. Hy bliuwt by De Fûgelhelling oant er wer better is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)