'Oefenwedstryd gjin alternatyf'

15 apr 2005 - 11:42

It rjocht op in oefenwedstriid tsjin Cambuur is gjin alternatyf foar subsydzje fan de gemeente. Dat seit Dick Scholten fan de organisaasje fan fuotbalklups yn Ljouwert.

De gemeente en Cambuur hawwe fêstlein wat de tsjinprestaasjes binne foar in liening fan de gemeente fan 785.000 euro. Mei in oefenwedstriid tsjin Cambuur kinne klups jild binnen helje. Scholten fynt dat de ferienings mear hawwe oan rjochtstreekse subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)