Oefenwedstriid Flyers ôfsein

27 sep 2012 - 20:10

Iishockeyklup De Friesland Flyers baalt fan de iishockeyklup út it Dútske Nordhorn. Beide ploegen soene freedtejûn in oefenwedstriid tsjinelkoar spylje yn Thialf.

Tongersdeitemiddei belle de Dútske tsjinstanner lykwols sûnder dúdlike reden ôf. It bestjoer fan de Flyers fynt dit ûnfatsoenlik en oerwaget om in claim yn te tsjinjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)