Oefenwedstriid Aris stillein

01 okt 2006 - 13:11

De oefenwedstriid tusken de basketballers fan Omniworld Almere en Aris is sneon by de stân fan 70-69 stillein. It fjild wie te glêd om fierder te spyljen. Earst rekke Tjoe de Paula fan Omniworld yn in spagaat, dêrnei wie it Gary Ware fan Aris dy't ûnderút gie. It poetsen fan de flier die gjin fertuten.

Snein spilet Aris op De Jouwer tsjin Landstede Zwolle en tiisdeitemiddei komt Sundsvall Dragons nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)