Oefenplak ambulânsepersoniel

29 jan 2010 - 12:20

Om ambulânsepersoniel en oare helpferlieners better ta te rieden op har taak hat Kijlstra Ambulânse Groep yn Drachten tenei in eigen opliedingssintrum. Yn dat saneamde Ambulânse Edukaasje Sintrum kin oefene wurde mei bygelyks it reanimearjen en der is romte foar teorylessen. It Sintrum sit by it Ferkearsedukaasje-sintrum yn Drachten.

It wichtichste ûnderdiel is de baan derby om it riden te oefenjen. Dat sil twa kear yn de wike dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)