Oefenje foar Noorderslag

14 jan 2014 - 17:00

Der wurdt wakker oefene troch de Fryske bands foar it Noorderslag-festival yn Grins fan sneon. It is dan ek in wichtige stap foar popartysten dy't fierder komme wolle. Bygelyks Blackboxred spilet sneon op it wichtige festival. Mar hoe hâlde bands it langer út as in pear jier. Yn in sektor dêr't je net fuortendaliks in soad jild fertsjinje? Dat is de fraach dêr't in protte artysten mei wrakselje. Ambysje en passy, dat is neffens muzikant, komponist en produsint Patrick Schaafstal tige wichtich om fierder te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)