Oefenje foar Fri(e)sian Proms

11 jan 2016 - 20:51
  • Oefenje foar de act Zorro

Der wurdt dizze dagen drok oefene foar de Fri(e)sian Proms, it hynstespektakel by de KFPS Hynstekeuring yn it WTC Expo yn Ljouwert. Muzyk, dûns, tal fan artysten, ljocht en fjoerwurk binne de yngrediïnten. Sa stiet der in 40-koppich orkest fan profesjonele muzikanten en in koar fan 100 sjongers.

Sa wurdt it in konsert yn kombinaasje mei it Fryske hynder. Golden Earring-sjonger Barry Hay komt spesjaal fan Curaçao oer nei Nederlân en der is in act op de muzyk fan Zorro. Fri(e)sian Proms begjint tongersdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)