Oefenje foar DNA-ûndersyk

06 sep 2012 - 17:44
  • Marianne Vaatstra

Yn de oanrin nei it grutte DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra hat der tiisdei in oefendei west. Fjirtich studinten fan de plysje-akademy yn Drachten diene mei as figurant by in oefensesje, wêrby't wangslym by har ôfnaam waard. Dêr waarden film- en foto-opnamen fan makke om te brûken as foarljochtingsmateriaal.

Doel fan de oefensesje wie om helder te krijen wat it betsjut om sa'n grut DNA-ûndersyk te hâlden. Foar it ûndersyk wurde mear as 8.000 manlju oproppen. Sy kinne har op alve ferskillende lokaasjes melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)