Oefenje foar besite Kening

12 jun 2013 - 15:36
  • Oefenje foar de besite fan de Kening yn Ealahuzen
  • Bern oefenje it liet op De Jouwer

Op guon plakken wurdt flink oefene foar freed, as it keningspear in besite oan Fryslân bringt. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima dogge alle tolve provinsjes oan fanwege de troanwiksel. Freedtemoarn komme se nei Ljouwert, Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum.

Alle basisskoalbern op De Jouwer sille dan in liet sjonge dat spesjaal foar it keningspear skreaun is. Se hawwe dit woansdei oefene yn sporthal De Stuit. Yn Ealahuzen waard op it skoalplein fan basisskoalle Us Nije Gea in spesjale akt repeteard troch de skoalbern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)