Oefening stoarmbalken yn Harns

20 des 2011 - 10:21

Wetterskip Fryslân oefenet tiisdeitemoarn mei de sluting fan de doarren fan de kearmuorre yn Harns. De doarren sels hawwe ferline wike ticht west fanwege de stoarm. No wurdt besjoen oft de balken achter de doarren goed teplak hongen wurde kinne. De balken hoege allinnich brûkt te wurden by ekstreem waar, as de kearmuorre net genôch feiligens mear jout.

Mei in kraan wurde de balken yn de sponning set. In part fan de kaai fan de kearmuorre is de hiele moarn ticht foar publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)