Oefening op Waadsee

19 apr 2012 - 13:00

Op de Waadsee hawwe woansdei goed sechstich helpferlieners in oefening hâlden. Neist de Kustwacht en Rykswettersteat dienen twa SAR-helikopters en de KNRM-stasjons fan Skylge, Flylân en Harns mei. In brân yn de masinekeamer fan in grutte boat mei tsien slimme ferwûnen waard neispile.

De oefening sil noch evaluearre wurde. De kustwacht is fan doel om takom jier ek sa'n oefening te hâlden tusken Lauwerseach, It Amelân en Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)