Oefening mei lânboumasines

27 jan 2010 - 09:44

Ungelokken mei lânboumasines binne faak kompleks. De swiere masines freegje in spesjale oanpak fan de meldkeamer, it mobile medyske tiim, it ambulânsepersoniel en de brânwacht.

Tiisdeitejûn wie der in oefening op it terrein fan leanbedriuw Sjoerd Nauta yn Grou. Twa ûngelokken waarden neispile. By de earste wie in man ûnder in grutte masine kommen en by de twadde waard ien spytst oan in kuilsnijer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)