Oefening mei kanonnen by de Ofslútdyk

01 apr 2015 - 20:19

Der wurdt tongersdei by de Ofslútdyk de hiele dei oefene mei grutte kanonnen. It Kenniscentrum Wapensystemen & Munitie oefent by Breesândyk mei saneamde '76mm Oto Melara' kanonnen. De oefeningen wurde oars altyd op 'e Veluwe holden. It giet dit kear om in gruttere operaasje en dêrom wurdt der no op de Iselmar oefene, hjir is mear romte.

Doel is om te sjen oft it materjaal noch goed foldocht en der wurde mjittings dien. Majoar Erik Rosloot tinkt dat de lûdsoerlêst tafalle sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)