Oefening Koninklijke Landmacht

16 nov 2005 - 10:16

Fjouwerhûndert soldaten sille takom wike yn Fryslân in boargeroarloch foarkomme moatte. It is in oefening fan de Koninklijke Landmacht yn it hiele noarden. De oefening wurdt koördinearre fanút de fleanbasis Ljouwert.

De militêren moatte rellen foarkomme, lykas dy yn Frankryk plakfine, as der in referendum holden wurdt. Yn Fryslân wurdt der op njoggen plakken oefene. Neffens definsje soarget de oefening net foar oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)