Oefening helikopterdak MCL

16 nov 2007 - 16:04
  • De brânwacht bespuitet de 'helikopter'

It MCL yn Ljouwert hie freed in brânoefening op it helikopterdak. It sikehûs woe besjen hoe't de kommunikaasje ferrint mei de brânwacht fan Ljouwert en de befeiliging fan it helikopterdak as der brân is.

Op it dak fan de parkeargaraazje stie in helikopter fan hout, dy't dêr spesjaal foar makke wie. Om de helikopter hinne wie der brân. De befeiliging en de brânwacht besochten de brân sa gau mooglik út te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)