Oefening by fleanbasis skrast

05 mrt 2009 - 09:32

De oefening mei trije militêre helikopters boppe de fleanbasis Ljouwert giet net troch. Neffens definsje is it te min waar om te oefenjen. De fluchten boppe Flylân en oeffenterrein De Marnewaard geane wol troch. De helikopters dogge mei oan in oefening fan de Koninklijke Landmacht.

Twa Apaches wurde ynsetten foar ferkenning en begelieding. In Chinook ferfiert de minsken fan de Landmacht fan en nei de ferskate oefenterreinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)