Ockels superbus net nei Sina

23 jun 2008 - 15:46

De superbus fan Wubbo_Ockels giet net nei Sina. De bus soe dêr oan de wrâldparse sjen litten wurde op de Olympyske Spullen. De Sineeske autoriteiten woenen dat de bus op pallets stean soe, mar dat wie neffens Ockels ´te min eare´.

Earder waard de testrit, dy´t no woansdei tusken Ljouwert en Harns hâlden wurde soe, skrast. Dat hie te meitsjen mei it feit miljeufreonlike superbus net op ´e tiid ôfboud en klear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)