De Occupybesetting oan 'e Sophialeane yn Ljouwert is nei in dei alwer foarby. Freedtemoarn hawwe aksjefierders dêr in tintekamp opslein. As protest tsjin, sa't se sels sizze, 'de graaikultuer fan de hege hearen'.
Mar de tinten stean op grûn fan de gemeente en dy hat dêr gjin fergunning foar jûn. It is net goed foar it gers yn it stik grien by it NS-stasjon. De aksjefierders hawwe nei oerlis mei gemeente-amtners tasein it kamp oan 'e ein fan de middei ôf te brekken.
Wat fine jo derfan?
antwurdapparaat: 058 7009 777
Of fol hjir it formulier yn.