Occupy Beweging set troch

13 mrt 2012 - 15:11
  • Occupy beweging Ljouwert

De Occupy Beweging yn Ljouwert giet troch oant der wat feroaret yn de wrâld. Dat sizze de demonstranten dy't har kamp opslein ha yn it sintrum fan Ljouwert. Ferline wike waard bekend dat de gemeente Ljouwert it kampemint gedoocht.

Tusken fersekeringskantoaren en banken yn protestearret de beweging tsjin de graaikultuer fan de hege hearen, sa't se dat neame. Riken wude riker, eamen wurde earmer. Op 11 novimber waard de earste tinte opslein. No steane der trije mei in fêste groep fan hast 30 demonstranten.

Yn Nederlân steane noch sa'n tsien kampeminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)