Obstakels yn fytspaden melde

04 nov 2013 - 16:53
  • Fytspaad

It fytsersbûn is moandei yn Ljouwert úteinset mei in meldaksje om obstakels op fytspaden op te spoaren. Wa't pealtsjes, loslizzende tegels, skerpe bochten of te smelle fytspaden wit, kin dit melde op ynternet.

It fytsersbûn hopet hjirmei de problemen op te lossen, mar ek mei regels te kommen foar de oanlis fan fytspaden yn de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)