Observaasjepunt foar reeën

21 jan 2014 - 22:05
  • Spoaren fan de ree op it lân fan boer Meijer

Hast gjinien sjocht de 450 reeën op Skylge; Steatsboskbehear wol der wat oan dwaan en wurket oan in wyldobservaasjepost. Sy dogge dat mei de jagers fan it eilân. Wyldobservaasjepunten binne foaral op 'e Veluwe te finen, mar in apart observaasjepunt foar reeën soe wolris in Nederlânske primeur wêze kinne, sa tinkt boskwachter Joris Blankena.

De reeën meie de minsken net sjen en ek net rûke. Oars binne sy hiel gau fuort. Boppedat moat it plak goed tagonklik wêze foar minsken en oantrekliker makke wurde foar reeën.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)