Oarsaak wettersteuring fûn

12 mrt 2013 - 21:52
  • Lekkage wetterlieding Ljouwert
  • Lekkage wetterlieding Ljouwert

Meiwurkers fan wetterliedingbedriuw Vitens hawwe de oarsaak fan de lekkaazje fûn. It giet om in breuk yn in transportlieding oan de Planetenlaan op it bedriuweterrein de Hemrik yn Ljouwert. Meiwurkers fan de wetterlieding binne der yntusken yn slagge om it lek wer ticht te meitsjen. De ferwachting is dat der oer in oere wer wetter by de húshâldens wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)